{"id":106,"date":"2017-03-01T16:06:42","date_gmt":"2017-03-01T15:06:42","guid":{"rendered":"http:\/\/tsjebbehettinga.frl\/bekende-gedichten\/de-blauwe-hauk-fan-wales\/"},"modified":"2017-04-18T10:47:25","modified_gmt":"2017-04-18T08:47:25","slug":"de-blauwe-hauk-fan-wales","status":"publish","type":"page","link":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/bekende-gedichten\/de-blauwe-hauk-fan-wales\/","title":{"rendered":"De blauwe Hauk fan Wales"},"content":{"rendered":"<h3>de blauwe hauk fan wales<\/h3>\n<p>It is slim simmer,<br \/>\nEn de sinne winkt dizze middei mei it ljocht dat earst<br \/>\nOp de griene harpen fan \u2019e heuvels syn gr\u00fbntoan fynt.<br \/>\nHossebossend rydt it de gapjende weinspoaren del<br \/>\nNei de giele hypotenusa\u2019s fan \u2019t n\u00f4t dat rusket<br \/>\nAs, fierwei, de twatalige br\u00eage oer de Severn,<br \/>\nOf, no, de Devilsbridge oer de Towy, dy\u2019t mei koele<br \/>\nFingers myn n\u00fatbrune boerefaam har boarsten opnimt,<br \/>\nWylst tusken kr\u00fasbeien ferburgen eagen strune nei<br \/>\nDe stream dy\u2019t \u00fbntspringt op \u2019e hichten fan \u2019e ikebeam.<br \/>\nTriljen tilt it hoarnfee.<\/p>\n<p>Slim simmer is it,<br \/>\nEn yn it w\u00e2ld fan molke sink ik yn dyn pupillen,<br \/>\nDy\u2019t tsjuster binne as de mynskachten fan Pembrokeshire,<br \/>\nDy\u2019t fan boerewetten tsjoar en ienhoarnich spit kenne,<br \/>\nWylst se my, tusken hege tichte hagen troch, wize<br \/>\nNei it hast ferpulvere paad werom d\u00ear\u2019t ljocht \u00fat ljocht<br \/>\nUntflamme (noch foar\u2019t melkende fammen yn molkich fleis<br \/>\nMy de jister by it weinh\u00fbs fan myn jeugd ynjagen),<br \/>\nEn noch ljochter makket Wales it gers om dyn irissen,<br \/>\nReade lippen fan pleatsen, dyn m\u00fble in waarme st\u00e2l;<br \/>\nSwit beslacht in hynder.<\/p>\n<p>It is slim simmer.<br \/>\nWy rinne de hichte yn en de gleonhite ierde<br \/>\nTriuwt in hauk, dy\u2019t bochtet as de delling dy\u2019t wy omgean,<br \/>\nHeger en heger. Under syn wjokken glidet it each<br \/>\nEn de tiid dy\u2019t yn in loft blau fan dagen lucht neifljocht<br \/>\nEn wynderige legearingen fan smolten herten,<br \/>\nEn wy drinke \u00fat de meikrigen kroezen fan \u2019e dea<br \/>\nDe ljochtdronkene doarpen yn kommen fan heuvels del.<br \/>\nD\u00eartusken kiche en bidde de skiep ferjeffenis,<br \/>\nBlaffe hiemdoggen de pleatsen yn \u2019e stilte teplak,<br \/>\nWjirret in njirre him.<\/p>\n<p>Slim simmer is it,<br \/>\nEn slimmeroan wurdt de hing nei dy tusken himel en<br \/>\nIerde, do. Do bringst my \u2013 dy\u2019t dyn bringst is \u2013 nei it tsjerkh\u00f4f<br \/>\nTsjin \u2019e heuvel. Hjir is d\u00ear de tiid in kreup\u2019le koster<br \/>\nDy\u2019t stil syn brike berchredes seit tsjin roeken dy\u2019t yn<br \/>\nHar prysterpijen skrassen yn it gl\u00eas fan \u2019e stilte<br \/>\nKervje. Wy, dy\u2019t gers wurde, bin\u2019 wyld, de dea syn floara<br \/>\nAllyk. In iik wurdt in bank fan ieuwen fol triennen en<br \/>\nSliepen; en de lytse koele kapel d\u00ear\u2019t ik my myn<br \/>\nEaretsjinst yn yntink lit dy \u00fbnleauwich huverje,<br \/>\nRist de hagedissen.<\/p>\n<p>It is slim simmer.<br \/>\nBijen beg\u00fbnzje de blomstikken gr\u00eaven, steure har<br \/>\nNet oan it fan Welshsprekkende Ingels op \u2019e sarken.<br \/>\nFlinters befleane magen dy\u2019t hongerje efter in<br \/>\nTombe; twa tongen falle yn \u2019e slach en taal flechtet<br \/>\nNei de njonkenskikkende sinnen fan \u2019e hanneling;<br \/>\nDe hichten fan Jarvis kantelje, de kliffen skomje.<br \/>\nUnder it sliepen fan do en ezel falt de blauwe<br \/>\nHauk fan Wales, wylst de brimzen, as de toarstige liuwen<br \/>\nFan augustus, \u00fas Welsh Bittere kroezen beleavje<br \/>\nEn simmer ferdrifkje.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>It is slim simmer,<br \/>\nEn de sinne winkt dizze middei mei it ljocht dat earst<br \/>\nOp de griene harpen fan \u2019e heuvels syn gr\u00fbntoan fynt.<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"parent":35,"menu_order":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","template":"page-gedicht.php","meta":{"_acf_changed":false,"footnotes":""},"class_list":["post-106","page","type-page","status-publish","hentry"],"acf":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/106","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages"}],"about":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/page"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=106"}],"version-history":[{"count":5,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/106\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":190,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/106\/revisions\/190"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/35"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=106"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}