{"id":112,"date":"2017-03-01T16:07:00","date_gmt":"2017-03-01T15:07:00","guid":{"rendered":"http:\/\/tsjebbehettinga.frl\/bekende-gedichten\/it-wikeler-hop\/"},"modified":"2017-04-18T10:47:51","modified_gmt":"2017-04-18T08:47:51","slug":"it-wikeler-hop","status":"publish","type":"page","link":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/bekende-gedichten\/it-wikeler-hop\/","title":{"rendered":"It Wikeler Hop"},"content":{"rendered":"<h3>it wikeler hop<\/h3>\n<p>I<\/p>\n<p>En wer op \u2019e flecht foar de lekkende kraan<br \/>\nFan it fertriet, mei in toarst yn \u2019e hals<br \/>\nFan eat dat nea te ferslaan w\u00eaze sil, mar<br \/>\nEk mei in ferljochting dy\u2019t gearballet<br \/>\nYn it kr\u00fas dat ik draach fan terp nei terp, fan<br \/>\nSompe nei sompe, fan hynstest\u00e2l nei<br \/>\nHavenst\u00eaden fol ynklauwerich kriten,<br \/>\nStryk ik op de brede berm del by it<br \/>\nWikeler Hop; bonken op \u2019e ierde, noch,<br \/>\n(As guon manlju op fak\u00e2nsjekykjes<br \/>\nNoch oer fan foar in slim fersketten oarloch:<br \/>\nH\u00e2n \u00fbnder \u2019e holle, knibbel omheech).<br \/>\nIt meamde gers r\u00fbkt noch nei it earste hea.<br \/>\nBrodzich is \u2019t, en de reek fan \u2019e sigret<br \/>\nWol likemin by my wei as de kop fan<br \/>\nIn faam \u00fat Sleat dy\u2019t my as in ingel<br \/>\nTrochseach, nei\u2019t se my myn gl\u00eas cognac serveard<br \/>\nHie. En ik sjoch yn \u2019e skierens oer it<br \/>\nFjild, yn \u2019e driging fan de ferstoppe loft<br \/>\nDe flecht fan \u2019e f\u00fbgel dy\u2019t ropt: Kwyt-kwyt.<\/p>\n<p>II<\/p>\n<p>Tiid, yn it stal fan ljippen dy\u2019t lykas ik<br \/>\nEn oare bisten gjin rie witte mei<br \/>\nDe stilte op dizze soele neimiddei,<br \/>\nBefljocht, yn l\u00fbd dat s\u00fbnt it fleanende<br \/>\nBern fan hij net en fan jok net feroare,<br \/>\nDat wat yn \u00fassels \u00fbnbeweechlik is,<br \/>\nDat noch yn \u2019e fierte ferankere leit,<br \/>\nNoch yn \u2019e djipte fan in \u00e2lde see,<br \/>\nIvichheid: in snotterpoask mei in sjemp\u00f4t.<br \/>\n(Ta in sin yn \u2019e notiid ferwurdt hjir<br \/>\nDe Tiid.) Fier slacht de W\u00e2ldseiner toer seis kear.<br \/>\nSeis br\u00fbnzen punten hieltyd pleatst efter<br \/>\nDe \u00fbnsinnen fan \u2019e k\u00fbk\u00fat yn \u2019e bosk.<br \/>\nIt wetter fan \u2019e mar draacht gehoarsum.<br \/>\nNeat dat iensumer makket as it wetter.<br \/>\nNeat dat fergonkliker is as it l\u00fbd.<br \/>\nEn in Mercedes mei kritende fammen<br \/>\nEn finsters as m\u00fblen waachwiid iepen,<br \/>\nPipet efter my del de mardyksbocht troch,<br \/>\nWurdt, lang om let, yn tiid en greiden wei.<\/p>\n<p>III<\/p>\n<p>De swiere diesel fan in fak\u00e2nsjeboat<br \/>\nSuggerearret in spoarline nei Balk<br \/>\nDat mei Luts en str\u00e2n ferlitten foarleit, wylst<br \/>\nIk yn \u2019e efterkant fan \u2019e reiden,<br \/>\nDe wyldgroei fan in sompich hoekje b\u00fbtl\u00e2n<br \/>\nEn in wylgebeam dy\u2019t net harkje wol,<br \/>\nMy de mar yntink as moaier as te sjen.<br \/>\nTwa manljustorso\u2019s prottelmoterje<br \/>\nNeist my oer de koartwjokke w\u00e2l fan \u2019e feart<br \/>\nDy\u2019t nei it Wikeler Hop delbochtet;<br \/>\nUt ien fan \u2019e torso\u2019s stekt, rikjend, in piip,<br \/>\n(De piip wurdt in sleepboat dy\u2019t de rompen<br \/>\nFourtl\u00fbkt); in boer, dy\u2019t stim en bisten misbr\u00fbkt,<br \/>\nFerset him yn \u2019e skieppeskuorre fan<br \/>\nSyn siel: fiere gjalpen fan in \u00e2lde blues<br \/>\nYn syn greidl\u00e2n dat in evergreen is;<br \/>\nIn byld fan in faam stekt de kop op, en toarst.<br \/>\nDriftich jout it hert de mage skonken,<br \/>\nEn wer op \u2019e flecht nei de lekkende kraan<br \/>\nFan it fertier, falt, koel, de earste rein.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>En wer op \u2019e flecht foar de lekkende kraan<br \/>\nFan it fertriet, mei in toarst yn \u2019e hals<br \/>\nFan eat dat nea te ferslaan w\u00eaze sil &#8230;<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"parent":35,"menu_order":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","template":"page-gedicht.php","meta":{"_acf_changed":false,"footnotes":""},"class_list":["post-112","page","type-page","status-publish","hentry"],"acf":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/112","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages"}],"about":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/page"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=112"}],"version-history":[{"count":3,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/112\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":193,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/112\/revisions\/193"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/35"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=112"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}