{"id":139,"date":"2017-03-01T16:03:08","date_gmt":"2017-03-01T15:03:08","guid":{"rendered":"http:\/\/tsjebbehettinga.frl\/over\/biografie\/"},"modified":"2017-04-20T10:37:03","modified_gmt":"2017-04-20T08:37:03","slug":"biografie","status":"publish","type":"page","link":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/over\/biografie\/","title":{"rendered":"Biografie | Tsj\u00eabbe Hettinga wie in Frysk dichter en oersetter."},"content":{"rendered":"<h2><strong>Libbensrin<\/strong><\/h2>\n<p><em>Jeugd<\/em><br \/>\nTsj\u00eabbe Hettinga waard berne op 15 jannewaris 1949 yn Burchwert. Hy wie de twadde \u00fat in Roomske boereh\u00fash\u00e2lding mei seis bern. Syn heit wie in echte hynsteman en wie behalve boer ek hynstetysker. Hy wie in man fan taal, kommunikatyf en blomryk. Yn Pieter Verhoeff syn dokumint\u00eare <em>Yn dat sykjen s\u00fbnder finen<\/em> \u00fat 2006 fertelt Tsj\u00eabbe Hettinga dat er syn nocht oan taal en syn taalgefoel fan syn heit urven hie. Der siet lykwols gjin boerebloed yn him, hoewol\u2019t er th\u00fas wol hantlangje moast mei it boerewurk. Yn syn jonge jierren naam er it l\u00e2nskip om Burchwert hinne goed yn him op, sadat de romtlikens in w\u00eazentlik \u00fbnderdiel fan him waard, sa\u2019t er it yn de dokumint\u00eare ferwurde. Yn algemiene sin oer dy tiid: \u2018Ik ha in hiele noflike jeugd h\u00e2n.\u2019<\/p>\n<p><em>Basis foar dichterskip yn it Frysk<\/em><br \/>\nBurchwert wie sa goed as folslein Frysktalich. Echo\u2019s fan it Nederl\u00e2nsk kamen inkeld binnen troch de radio of \u00fat de m\u00fble fan in inkele pommerant fan tsjerke of steat. Dat hat krusiaal west foar Hettinga syn Frysk dichterskip. Yn in fraachpetear foar de Belgyske VRT yn 2010 lei er \u00fat w\u00earom\u2019t er him by it Frysk h\u00e2lden hie: \u2018Het is zo \u2013 moet ik tot mijn schaamte bekennen \u2013 dat ik pas heel laat Nederlands heb geleerd. De taal wordt in je kindertijd neergelegd, en als daar na vele jaren pas een andere taal bij komt, wordt die je nooit zo eigen dat je je diepste gevoelens daarin goed kwijt kunt.\u2019<\/p>\n<p><em>Kostskoalle en ulo<\/em><br \/>\nNei syn legereskoalletiid siet Tsj\u00eabbe in jier op de kostskoalle Huize St. Radboud yn Medemblik. Syn heit hie op deselde skoalle de ulo dien. Tsj\u00eabbe makke de ulo \u00f4f yn Boalsert. Hy koe goed leare, mar h\u00faswurk meitsje hie er gjin nocht oan. Hy wie leaver oan it hurddraven of reedriden. Hy hearde by de Fryske jeugdseleksje en wie in talintfol reedrider. Under it fytsen nei de reedriderstraining yn de tsjustere wintermoannen krige er l\u00east fan wat him earst oandie as nachtblinens. Hy sette in ekstra lampe op \u2019e fyts om de berm by te skinen. Doe\u2019t nei in oantal jierren syn sicht oerdei ek tebek r\u00fbn, waard nei wiidweidich \u00fbndersyk f\u00eaststeld dat er in erflike degeneraasjesykte fan it netflues hie. Troch syn eachkwaal moast er oph\u00e2lde mei it wedstriidriden.<\/p>\n<p><em>Kweekskoalle oftewol pedagogyske akademy<\/em><br \/>\nYn 1967 gie er nei de kristlike kweekskoalle yn Snits. In jier letter kaam er yn de redaksje fan de skoalkrante <em>Jabberwocky<\/em>, d\u00ear\u2019t syn earste gedichten ek yn ferskynden, fuortendaliks yn it Frysk. Hy woe dy gedichten letter oars net sjen as syn liter\u00ear deb\u00fat. Op skoalle wie er it soarte learling dat him min skikke kin neffens it systeem fan regel en oarder, dat yn it l\u00east fan it twadde skoaljier krige er te hearren dat er net werom hoegde te kommen. D\u00earom gie er nei de simmer nei de pedagogyske akademy Mgr. Hoogveld yn Hengelo. Yn it earstoan wie er op keamers by in omke en muoike yn Ynskedee, letter hie er in keamer yn Hengelo. Ald-klasgenoaten omskriuwe him as in opfallende ferskining en in ludike rebel. It wie de snuorje fan de demokratisearring yn it \u00fbnderwiis. Der kaam in nije skoalkrante, <em>Scherzo<\/em>, en Hettinga waard lid fan de \u2018redaksie\u2019, krekt as earder yn Snits. In maat fan de redaksje hie lyk as him ynteresse yn literatuer. Tegearre liezen se Nescio, dy\u2019t Tsj\u00eabbe tige bew\u00fbndere, en wurk fan Dylan Thomas.<\/p>\n<p><em>Werom nei Burchwert<\/em><br \/>\nNei syn memme \u00fbnferwachte ferstjerren yn oktober 1971 gie Tsj\u00eabbe werom nei Frysl\u00e2n. Hy makke de PA \u00f4f yn Snits. Doe\u2019t er yn 1972 syn diploma helle hie, waard it him klear dat er nea foar de klasse stean soe. Syn eachsykte benaam him hieltyd mear it gesichtsfermogen. Hy wie d\u00ear hurd yn foar himsels en woe safolle mooglik \u2018op deselde foet fierder gean\u2019, sa\u2019t er skreau yn ien fan syn earste gedichten mei de titel \u2018besl\u00fat\u2019.<\/p>\n<p><em>St\u00fadzjetiid<\/em><br \/>\nYn de simmer fan 1974 krige Hettinga in baan as opnametechnikus by de blinebiblioteek yn Grins, d\u00ear\u2019t er him ek nei wenjen sette. Hy hie der oars mar in hekel oan dat minsken him \u2018blyn\u2019 neamden, hy sei leaver dat er \u2018minne eagen\u2019 hie. Trije jier letter beg\u00fbn er mei in st\u00fadzje Nederl\u00e2nsk. Hy soarge derfoar dat er stipe krige fan meistudinten mei wa\u2019t er de stof trochnimme koe, wat er ek al die op \u2019e PA yn Hengelo, en hy organisearre help troch advertinsjes yn de <em>Gezinsbode<\/em> te setten: \u2018slechtziende student Nederlands vraagt mensen die voor hem studieboeken en bellettrie willen inspreken op cassette\u2019. It ferhaal giet dat er de ynsprutsen kassettebantsjes mei in hegere snelheid \u00f4fspile en dat er it ferfoarme l\u00fbd dan likegoed noch folgje koe. Hoewol\u2019t de eagen hieltyd minder waarden, slagge it him dochs om mei in grutte l\u00easloep tekst op te nimmen. Yn 1982 helle er syn kandidaatseksamen Nederl\u00e2nsk. D\u00earnei gie er fierder mei syn doktoraal Frysk, dat er yn 1986 dien makke.<\/p>\n<p><em>Reislust<\/em><br \/>\nHettinga hat op in soad plakken \u2018de lucht opsn\u00fafd en de kleuren fan it l\u00e2nskip sjoen\u2019. Op syn sechtjinde lifte er al nei it b\u00fbtenl\u00e2n. Yn de jierren santich makke er mei in freon of freondin fak\u00e2nsjereizen nei \u00fbnder oare Flaanderen, Wales, Ierl\u00e2n, nei Skandinavi\u00eb en de eastkust fan de FS. Eilannen wiene syn pree \u2013 Flyl\u00e2n, Cura\u00e7ao, mar ek it Gryskske Zakynthos, d\u00ear\u2019t er ferskate kearen tah\u00e2lde, letter ek mei partner en bern. Ien kear siet er d\u00ear in langer skoft mei in reisbeurs fan it Fonds voor de Letteren. Hy ferb\u00fbn reizgjen mei sykjen, al koe er net maklik ferwurdzje wat er dan krekt socht. It gie him ek om de moeting mei minsken dy\u2019t syn fantasij prikelen. Hy koe syn libbensgefoel werom yn de gedichten fan Slauerhoff, fan wa\u2019t er gedichten as \u2018Dit Eiland\u2019, \u2018Het Boegbeeld: de Ziel\u2019 en \u2018De Schalmei\u2019 \u00fat \u2019e holle koe.<\/p>\n<p><em>Settele yn Ljouwert<\/em><br \/>\nYntiid wie er yn febrewaris 1982 ferhuze nei Ljouwert, d\u00ear\u2019t er trochgie mei syn libbenswize as dichter-studint-boh\u00e9mien. Hy moast neat ha fan it libbenspatroan fan de boargerman dat er by guon freonen seach, \u2018fan hegerh\u00e2n regele libbens op \u2019e rigele\u2019 skreau er d\u00earoer yn de syklus \u2018S\u00e2nris om in sintrum hinne\u2019. Tsjerke en leauwe wiene allyksa taboe. Wylst leeftiidsgenoaten mei in fergelykbere achtergr\u00fbn swietsjesoan sekularisearren, wie syn brek radikaal en s\u00fbnder in spoar fan relativearring.<br \/>\nYn 1985 learde er syn partner Tsjikke Hitman kennen by it reedriden, doe\u2019t se beiden sieten \u00fat te p\u00fbsten yn in kafee yn Aldtsjerk. Se smieten de lapen gear op in etaazje oan de Foarstreek. Yn it h\u00fbs mei de grutte r\u00fbne tafel yn de wenkeamer kamen minsken graach del, it wie in middelpunt fan har sosjaal libben. Se krigen in soan en in dochter en ferhuzen yn 2003 nei in eigen h\u00fbs oan de r\u00e2ne fan de binnenst\u00ead mei in aparte wurkkeamer anneks studio foar Tsj\u00eabbe.<\/p>\n<p><em>Ferstjerren fan Tsjikke <\/em><br \/>\nYn novimber 2011 ferstoar Tsjikke Hitman oan kanker nei in siikb\u00ead fan in pear moanne. De deis nei har kremaasje stie in optreden fan Hettinga pland, en hy annulearre it net. As it om syn wurk gie, wie no ek wer it biedwurd \u00fat it begjin fan syn dichterskip fan kr\u00eaft: \u2018ik gean op deselde foet fierder\u2019. Hoe\u2019t er him fielde \u00fbnder it ferlies prate er net gau mei oaren oer. Yn de simmer fan 2012 gie er lykas wenst nei de kemping op Flyl\u00e2n, allinne, mar wol mei freonen yn de buert.<\/p>\n<p><em>L\u00easte jier<\/em><br \/>\nDoe\u2019t Tsjikke Hitman siik wie, annulearre Hettinga wol in optreden dat er yn \u2019e mande mei de band Breed Freed yn Winaam jaan soe. Goed in jier letter, op 18 novimber 2012, diene se it \u00f4fseine optreden dochs noch. Nei \u00f4frin fielde Hettinga him deawurch en it waard d\u00fadlik dat er in sykte \u00fbnder de lea hie. Ein desimber folge de diagnoaze: de sykte fan Kahler. Yn earsten like de medyske behanneling yn it MCL perspektyf te bieden. Hettinga wie optimistysk: \u2018Ik wol leauwe dat ik myn tinten mar net te lang op dizze kemping opslaan moat\u2019, wie syn kommentaar. Hy hie sels de hope om yn de herstelperioade tusken de gemokueren troch foar in optreden nei in po\u00ebzijfestival yn Nicaragua te gean, mar it betearde oars. Tsj\u00eabbe Hettinga ferstoar op 7 maart 2013. Nei syn dea waard \u00fat it grutte tal reaksjes d\u00fadlik hoe tige oft er wurdearre waard en de minsken him in waarm hert tadroegen, hoefolle wjerklank oft er r\u00fbnom f\u00fbn hie, hoe fier oer de wr\u00e2ld syn l\u00fbd rikt hie.<\/p>\n<p><strong>\u00a0<\/strong><\/p>\n<h2><strong>Dichterskip<\/strong><\/h2>\n<p><em>Begjin dichterskip<\/em><strong><em><br \/>\n<\/em><\/strong>Yn april 1970 waarden twa koarte gedichten fan Hettinga \u00fatstjoerd oer de Fryske gedichtetelefoan Operaesje Fers. Koart d\u00earnei ferskynden se yn print yn it liter\u00eare tydskrift <em>Trotwaer<\/em>. Sjoen syn lettere karri\u00eare is it tekenjend dat Hettinga syn liter\u00ear deb\u00fat de foarm hie fan in foardracht en net fan in skriftlike publikaasje. Yn de jierren dy\u2019t folgen w\u00fbn Hettinga in oantal Rely Jorritsmaprizen en hie er gedichten yn ferskate Frysk-liter\u00eare tydskriften. Hy waard s\u00fantsjeswei bekender troch syn optredens op dichtersj\u00fbnen of by oare gelegenheden. Yn it tiidrek 1973-1975 kamen syn earste trije bondels \u00fat. In essinsjele bydrage levere syn \u00e2ld-skoalgenoat Jelle Kaspersma, dy\u2019t yn 1967 in klasse heger siet op de kweek yn Snits. Dy fersoarge de opfallende yllustraasjes en yn ien fan de bondels stiene ek fersen fan him. Ut de trije bondels falt op te meitsjen dat Hettinga al sawat fan it begjin \u00f4f, neist it kompaktere en koartere wurk dat skaaimerkjend is foar dy tiid, ek breder opsette gedichten skreau.<\/p>\n<p><em>Redaksjelid <\/em>Hjir<br \/>\nLiter\u00ear tydskrift <em>Hjir<\/em> wie yn 1972 oprjochte. Yn de redaksje boske in groep jonge skriuwers en dichters gear dy\u2019t yn har wurk it folle libben klinke litte woene. Se wiene net rjochte op liter\u00eare analyze of op polemyk \u2013 dat die konkurrint <em>Trotwaer<\/em> wol. De redaksje wie derop \u00fat om safolle mooglik talint oan it bl\u00ead te ferbinen en w\u00ear mooglik mei ferrin fan tiid ek yn de redaksje op te nimmen. Hettinga siet fan 1975-1990 yn de redaksje. De oare leden soargen derfoar dat alle kopij dy\u2019t op it aljemint komme soe fan tefoaren foar him op kassette ynsprutsen wie. Fan 1975 \u00f4f ferskynde Hettinga syn wurk ek inkeld noch yn <em>Hjir<\/em>. Nei 1990 waard it kontakt tusken Hettinga en syn liter\u00eare kollega\u2019s minder waarm en h\u00e2lde er him \u00f4fsidich fan de \u00fbntjouwingen yn de Frysk-liter\u00eare wr\u00e2ld. Yn letter jierren joech er noch wol workshops en kursussen kreatyf skriuwen foar Tresoar.<\/p>\n<p><em>Dichterlik talint<\/em><br \/>\nYn 1981 ferskynde Hettinga syn fjirde bondel <em>Tusken de bedriuwen troch is \u00e2lderdom<\/em>. It wie in mear ambisjeuze \u00fatjefte as de eardere trije en bef\u00eastige binnen de r\u00fbnte fan <em>Hjir<\/em> syn statuer as grut dichter. De kritisy wiene it folslein \u00fbniens oer it boek en wrakselen mei Hettinga syn \u00fats\u00fbnderlik po\u00ebtysk register. Tiny Mulder koe yn it <em>Friesch Dagblad<\/em> nei faak oerl\u00eazen de \u2018swide pracht\u2019 derfan wol wurdearje, mar Durk van der Ploeg seach yn <em>De Strikel<\/em> allinne mar in \u2018po\u00ebtaster\u2019 dy\u2019t alles oertrof yn keunstmjittigens en tsjusterens.<\/p>\n<p><em>\u2018Kening Tsj\u00eabbe\u2019<\/em><br \/>\nNei alve jier fan slypjen en rypjen kaam Hetinga yn 1992 mei <em>Under seef\u00fbgels De kust<\/em>, de bondel d\u00ear\u2019t er syn definitive foarm yn f\u00fbn hie. De \u00fbntfangst wie \u00fatinoar rinnend mar positiver as by de foarige bondel. Tjitte Piebenga (Ljouwerter Krante) sette boppe syn besprek \u2013 earder wanhopich as \u00f4fkarrend \u2013\u2018W\u00ear hat dy Hettinga it oer?\u2019, mar Eppie Dam wie yn <em>Frysk en Frij<\/em> fol bew\u00fbndering oer it wurk fan \u2018kening Tsj\u00eabbe\u2019. Hylke Tromp konkludearre yn syn besprek foar Omrop Frysl\u00e2n dat Hettinga syn po\u00ebzij \u2018\u00fbnbegryplik moai\u2019 wie. De opmerking dy\u2019t men yn Frysl\u00e2n wolris heart dat Hettinga yn syn eigen provinsje pas wurdearring krige nei syn sukses oer de grins is net wier. Miskien moat de stelling wol omdraaid wurde: krekt omdat der yn de Frysk-liter\u00eare r\u00fbnten minsken wiene dy\u2019t Hettinga syn kwaliteiten ynseagen, krige er de k\u00e2ns om syn wjukken fierder \u00fat te slaan.<\/p>\n<p><em>Optredens<\/em><strong><br \/>\n<\/strong>Fan it begjin \u00f4f joech Hettinga optredens op po\u00ebzijj\u00fbnen en by gruttere eveneminten lykas it Frysk Festival, de Fryske skriuwerstoernee \u2018Skipperslatyn\u2019 yn 1985 en it Fries Straatfestival yn Ljouwert, yn de twadde helte fan de jierren tachtich. Ien kear wie syn poadium op dat festival in driuwende ponton yn it wetter fan de Kelders. Hy droech syn oersetting foar fan \u2018The light of the world\u2019 fan de Karibyske dichter Derek Walcott, in byldzjend fers mei Bob Marley op de achtergr\u00fbn oer in busrit op it eil\u00e2n Saint Lucia \u2013 in belevenis foar de twah\u00fbndert minsken dy\u2019t it meimakken.<\/p>\n<p><em>Nei de Frankfurter Buchmesse<\/em><br \/>\nNederl\u00e2n stie yn oktober 1993 as \u2018Schwerpunktland\u2019 sintraal op de Frankfurter Buchmesse. De organisearjende stifting\u00a0 woe by de Buchmesse ek wol in bytsje omtinken jaan oan de Fryske literatuer. Mei stipe fan de provinsjale oerheid waard yn it programma romte j\u00fbn foar ien Fryske dichter. Organisator Bouke Oldenhof keas mei op advys fan skriuwer Kees \u2019t Hart foar Hettinga en h\u00e2lde de foet by de k\u00fble, \u00fbndanks wjerst\u00e2n yn de Fryske skriuwerswr\u00e2ld. Hettinga wie him fan \u2019e miet \u00f4f oan bewust fan it wichtige poadium dat him bean waard en de publisiteit dy\u2019t dat opsmite soe. Hy woe hurde \u00f4fspraken mei Oldenhof dat er by fraachpetearen allinne oer syn eigen wurk en oer de Fryske literatuer prate soe en dat syn privee derb\u00fbten bleau.<\/p>\n<p><em>Yndrukwekkend optreden<\/em><br \/>\n\u2018Wie is de 44-jarige Friese dichter Tsj\u00eabbe Hettinga die woensdag deelneemt aan het Nederlands-Vlaamse openingsprogramma van de Frankfurter Buchmesse, naast bekende auteurs als Hugo Claus, Hella Haasse, Harry Mulisch en Cees Nooteboom?\u2019 frege Reinjan Mulder him \u00f4f yn de NRC fan moandei 4 oktober 1993. It antwurd kaam twa dagen letter mei in yndrukwekkend optreden d\u00ear\u2019t Hettinga op syn minst likefolle yndruk makke as syn kollega\u2019s \u00fat de R\u00e2nest\u00ead.<br \/>\nBy syn Frankfurter ekspedysje kaam Hettinga yn de kunde mei dichter en oersetter Benno Barnard. Op dy syn inisjatyf \u00fbntstie der in oersettersspan dat bestean bliuwe soe oant Hettinga syn dea. Hettinga ferklearre dat hy it as in grut gelok seach dat hy Benno Barnard troffen hie, omdat dy syn r\u00fbge oersettingen omfoarmje koe ta in Nederl\u00e2nsk gedicht.<\/p>\n<p><em>Op de nasjonale poadia<\/em><br \/>\nTwa jier d\u00earnei folgen optredens op de wichtichste po\u00ebzijpoadia fan it l\u00e2n. \u2018Ademloos luistert het uitgedund publiek van de Nacht van de Po\u00ebzie in Vredenburg in Utrecht naar de bijna-blinde Fries die recht uit zijn hart zijn epos \u2018Dat blauwe skaden\u2019 over de zaal laat donderen. Achter zijn rug rolt een vertaling voorbij, maar telkens weer verglijdt de aandacht van de meelezers naar die donderende stem in dat lange dunne lijf, die woorden spreekt die klinken alsof ze ouder zijn dan de tijd.\u2019 (Michel Maas yn <em>de Volkskrant<\/em>). Yn juny 1995 folge in fergelykber optreden op Poetry International yn Rotterdam.<\/p>\n<p><em>Bundel <\/em>Vreemde kusten \/ Frjemde kusten<br \/>\nYn 1995 ek ferskynde by \u00fatjouwerij Atlas yn in oplaach fan 2500 eksimplaren de bondel <em>Vreemde kusten \/ Frjemde kusten<\/em>, mei in cd derby. Hettinga betong by \u00fatjouwer Emile Brugman dat er nei eigen ynsjoch sels de foarmjouwing dwaan mocht, dy\u2019t er \u00fatfierde tegearre mei syn muzykmaat Menno Samplonius. It boek waard tige posityf \u00fbnthelle. Po\u00ebzijresinsint Guus Middag skreau yn de NRC dat er by it \u00f4fspyljen fan de cd al nei twa rigels \u2013 \u2018Oan swarte stielkabels hawwe de bokken\/ de nacht boppe see en haven \u00fattakele\u2019, seis sekonden tekst \u2013 hielendal ferkocht wie: \u2018Mij was overkomen wat veel bezoekers van po\u00ebzieavonden moet zijn overkomen: overrompeling door de voordracht van Hettinga.\u2019<\/p>\n<p><em>Performer<br \/>\n<\/em>Hettinga geniete derfan om syn po\u00ebzij foar te dragen. Hy wie in earsten performer, selsfersekere, s\u00fbnder it minste bewiis fan narsisme of publyksoankr\u00fbperij. Syn sonoar l\u00fbd, syn bytiden eigensinnige yntonaasje en syn \u00fat soarte bewuste artikulaasje fan it Frysk, mei al dy koarte en lange ienl\u00fbden en twal\u00fbden lykas yn \u2018mei poaiez-oane-pompm dyte trjinn eazje\u2019 \u00fat de twadde strofe fan \u2018Frjemde kusten\u2019, makken syn foardracht unyk. Wa\u2019t him net ferstie, geniete fan de muzyk fan de taal dy\u2019t \u00fbnder de betsjutting fan de wurden leit. De teksten binne net altyd maklik te befetsjen, alhielendal net yn ien kear, en dat wist Hettigna sels mar al te goed. Ut en troch joech er syn publyk it advys om net alles fan syn foardracht snappe te wollen, mar har oer te jaan oan de muzyk fan de taal en de bylden dy\u2019t er opr\u00f4p, in oantr\u00fan dy\u2019t likegoed gau foar Fryskpraters. Hast alle po\u00ebzij fan Hettinga fan 1995 en letter waard behalve yn tekst ek \u00fatbrocht op cd. Dat beklammet nochris it belang fan syn foardracht as wichtich part fan syn liter\u00ear keunstnerskip.<\/p>\n<p><em>\u2018Ik wol in fyk \u00fat it libben jaan\u2019<\/em><br \/>\nDoe\u2019t presentatrise Hanneke Groenteman fan it keunstprogramma <em>De Plantage <\/em>Hettinga yn in fraachpetear frege wat er mei syn po\u00ebzij sizze woe, wie syn antwurd koartwei \u2018neat\u2019. Oan dokumint\u00earemakker Geart de Vries joech er wiidweidiger antwurd. \u2018Ik h\u00e2ld fan po\u00ebzij d\u00ear\u2019t ferbylding yn sit, d\u00ear\u2019t mei klank wurke wurdt, d\u00ear\u2019t in triuwend ritme \u00fbnder sit. It giet my deagewoan om de evokaasje, om it oproppen. In tekst moat sfear hawwe. Dy sfear kinne je by de minsken ek wer oproppe. Ik wol gjin analyze jaan wat libben \u2013 yn de breedste sin fan it wurd \u2013 is, ik lit it libben leaver sjen, ik wol in fyk \u00fat it libben jaan.\u2019<\/p>\n<p><em>Fierder oer de grins<br \/>\n<\/em>Nei 1995 folgen mear optredens op festivals yn it b\u00fbtenl\u00e2n, \u00fbnder oare yn Brussel, Barselona, Berlyn, Londen, Vancouver en Portland. Yn juny 2006 frege Henk Pr\u00f6pper, direkteur fan it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds, op in wurkbesite yn Frysl\u00e2n sa sydlingswei oan Hettinga oft dy wolris heard hie fan it festival yn Medell\u00edn, Kolombia. \u2018D\u00ear wol ik wol hinne!\u2019, wie Hettinga syn resol\u00fat beskie. Sa waard besletten. It oare jiers reizge er \u00f4f nei S\u00fad-Amearika foar in optreden op it Festival Internacional de Poesia de Medell\u00edn, in wr\u00e2ldferneamd po\u00ebzijfestival. Syn foardracht d\u00eare fan \u2018De kr\u00fbk\u2019 is achternei besjoen miskien wol syn <a href=\"https:\/\/www.youtube.com\/watch?v=Eq4OdHFDa_o\" target=\"_blank\">meast yndrukwekkende ea<\/a>.<\/p>\n<p><em>Grykske bondel<\/em><br \/>\nEin 2000 ferskynde yn in sljocht azuerblauwen stofomslach de Grykske bondel <em>Fan oer see en fierder<\/em>, dy\u2019t trije jier letter twatalich \u00fatj\u00fbn waard as <em>Platina de zee<\/em>. Hettinga ferwurke d\u00ear de \u00fbnderfiningen en ferhalen yn dy\u2019t er op Zakynthos opdien hie. Foar dy bondel krige er yn 2001 de Gysbert Japicxpriis, de grutte liter\u00eare priis fan de provinsje Frysl\u00e2n. By de priis\u00fatrikking yn it histoaryske stedh\u00fbs fan Boalsert, op in healoere rinnen fan syn berteplak, droech er \u2018It faderpaard\u2019 foar, skreaun as hommaazje oan syn heit.<\/p>\n<p><em>Bondel<\/em> Equinox<br \/>\nYn 2009 folge de bondel <em>Equinox<\/em>, mei mear ferskaat fan ynh\u00e2ld as de foarige. De gedichten \u00fat de \u00f4fdieling \u2018Twa kontininten\u2019 wiene in jier earder al opnommen yn <em>Frysl\u00e2n revisited<\/em>, in boek mei foto\u2019s fan Frysl\u00e2n troch de emigrearre fotograaf Andreis Deinum fan Warkum, makke yn 1946. It inisjatyf ta dy \u00fatjefte kaam fan Henk Deinum, omkesizzer fan de fotograaf en freon fan Hettinga dy\u2019t him geregeld op syn reizen beselskippe. Hy hie mei Hettinga oer alle foto\u2019s praat en de lokaasjes mei him opsocht. De dichter skreau tsien sonnetten by de foto\u2019s.<br \/>\nHettinga syn statuer wie by it ferskinen fan <em>Equinox<\/em> al sa grut wurden, dat <em>de Volkskrant<\/em> in fiifstjerreresinsje fan Piet Gerbrandy opnaam wylst der noch hielendal gjin Nederl\u00e2nske oersetting beskikber wie, dy kaam earst mei de twatalige ferzje.<\/p>\n<p><em>Bondel by Gedichtedei 2010<\/em><br \/>\nWurdearring en erkenning wiene der ek yn 2010 doe\u2019t Hettinga syn lytse twatalige bondel <em>Aan schor en Stad Niks voorbij \/ Oan leech en St\u00ead Niks foarby<\/em> \u00fatkaam as Nasjonale Gedichtedeibondel. Janita Monna yn <em>Trouw<\/em>: \u2018Nadat in eerdere jaren grote Nederlandstalige dichters als Judith Herzberg, Hugo Claus en Gerrit Kouwenaar de eer te beurt viel, is de keuze voor Tsj\u00eabbe Hettinga als auteur voor de Gedichtendagbundel opvallend en gewaagd. En niet alleen omdat Hettinga in het Fries schrijft. Het lezen van zijn beeldende epische po\u00ebzie, waarin de zinnen worden voortgestuwd door klank en ritme, vergt een onalledaagse concentratie (\u2026). Maar wie Hettinga ooit hoorde voordragen, is voorgoed betoverd door de zangerige toon waarmee de nagenoeg blinde dichter zijn gedichten declameert. Niet voor niets geniet hij wereldfaam.\u2019<\/p>\n<p><em>\u2018It giet om myn po\u00ebzij, net om myn persoan\u2019<\/em><br \/>\nPieter Verhoeff makke yn 2006 in dokumint\u00eare oer Hettinga, it waard earder al neamd. Hy frege de dichter hoe\u2019t syn dramatyske libbens\u00fbnderfiningen en syn min eachsicht trochwurken yn syn wurk. \u2018Fansels nimme je dy dingen mei\u2019, wie it antwurd, \u2018mar it hat allinne doel om deroer te praten yn safier it \u00fbnderdiel is fan myn wurk.\u2019 Sa mar even relaasjes lizze tusken tekst en biografy merke Hettinga oan as \u2018hineininterpretieren\u2019 en \u2018oeral sp\u00fbken sjen\u2019. Hy woe net dat syn persoanlike situaasje fersmelle waard ta in \u2018aberraasje\u2019, in reden om te sizzen \u2018wat is dat slim\u2019. \u2018Elk minske is in sekfol mislearringen\u2019, d\u00ear wie hy net bys\u00fbnder yn, tocht him.<\/p>\n<p><em>Regy h\u00e2lde oer de byldfoarming<\/em><br \/>\nYn syn kontakten mei media woe Hettinga sels de leie yn hannen h\u00e2lde. Mear as ienkear wegere er in fraachpetear as bliken die dat de oanbelangjende sjoernalist him net goed taret hie. In tekenjende anekdoate fan datoangeande spilet op Poetry International yn Rotterdam yn 2001. De <em>Leeuwarder Courant<\/em> hie in pleatslike fotograaf opdracht j\u00fbn in foto te meitsjen fan Hettinga syn optreden. De man kaam lykwols krekt te let. Hettinga stie yn in heallege\u00a0 seal nei te praten mei guon lju. De fotograaf frege oft er noch even op it poadium stean gean woe foar de foto. D\u00ear kaam neat fan yn. \u2018Ik doch myn wurk goed, doch do it dan ek.\u2019 Dat de Ljouwerter d\u00eartroch gjin omtinken joech oan syn optreden naam er op \u2019e keap ta.<\/p>\n<p><em>Synestesy<\/em><br \/>\nYn 2003 hie Corine Voet in wiidweidich fraachpetear mei Hettinga by it ferskinen fan <em>Platina de zee<\/em>. Se ferwiisde yn dat fraachpetear nei it opmerklik omtinken foar kleur en ljocht yn Hettinga syn oeuvre, mei beskaat troch syn synestetyske oanlis. Hettinga hie d\u00ear yn 2001 oer op \u2019e tekst west yn Antwerpen, yn in seldsume l\u00eazing oer syn po\u00ebzij en oer himsels, \u2018Een chronisch geval van synesthesie\u2019, koart d\u00earnei opnommen yn it liter\u00ear tydskrift <em>Revolver<\/em>. Hy fergeliek d\u00ear syn situaasje yn mei dy fan Borges. Tsjin Voet sei er: \u2018Bij alles wat ik hoor, ruik, voel, heb ik een beeld en een kleur. Dat heeft niets met goede of slechte ogen te maken, het zit in je hoofd.\u2019<\/p>\n<p><em>Optredens yn kombinaasje mei muzyk<\/em><br \/>\nHettinga joech ek foardrachten as \u00fbnderdiel fan alderhande soarten muzykprogramma\u2019s. Spesjale fermelding fertsjinnet hjir it jazzensemble Breed Freed, d\u00ear\u2019t er saksofoan yn spile. Op oantr\u00fan fan Bouke Oldenhof trede Hettinga yn 1991 op mei in j\u00fbnsfoljend programma <em>Hotelkeamers eigen<\/em>, mei foardracht, fertellende tekst deromhinne en muzikale bydragen troch in band. D\u00ear \u00fatwei \u00fbntstie yn de rin fan de tiid de s\u00e2n man sterke band Breed Freed. Muzyk meitsje en spylje yn de band besk\u00f4ge Hettinga as syn nocht en wille. Tegearre mei de Angoleeske perkussionist en gitarist Basile Maneka Lukadi, dy\u2019t ek yn Breed Freed spile, makke Hettinga yn 1997 in programma mei as titel <em>De dood, het lied, het paard<\/em>. Hy droech d\u00earyn \u2018It faderpaard\u2019 foar en Maneka Lukadi song tradisjonele deadelieten yn syn memmetaal Kikongo.<\/p>\n<p><em>Oersettingen<\/em><br \/>\nAl yn de jierren santich wurke Hettinga oan syn gedicht \u2018De blauwe hauk fan Wales\u2019 (publisearre yn 1992) d\u00ear\u2019t yn ferwiisd wurdt nei it wurk fan Dylan Thomas. Hy sei letter dat it fisuele en byldzjende fan Thomas syn wurk him tige oanspriek. Mar ek dy syn styl fan foardragen rekke him. Fan Thomas hie er in oantal elpees mei foardrachten fan eigen wurk, dy\u2019t er kocht hie op in fak\u00e2nsje yn Wales mids jierren santich, doe\u2019t er de spoaren fan de dichter folge. Neffens sizzen fan freonen waarden dy elpees faak draaid. Hettinga syn oersetting fan Thomas syn \u2018Fern Hill\u2019 wie in f\u00east \u00fbnderdiel fan syn optredens begjin jierren njoggentich. Fierder moat hjir it wurk neamd wurde fan Derek Walcott. Dy syn epyske en byldzjende po\u00ebzij en syn spesjale posysje yn de Ingelske literatuer f\u00fbnen wjerklank by Hettinga. Yn in artikel yn <em>Hjir<\/em> helle er mei ynstimming Joseph Brodsky oan, dy\u2019t krityk jout op resinsinten dy\u2019t Walcott oan de kant besykje te skowen as streektaalskriuwer.<\/p>\n<p><em>Dichter by offisjele gelegenheden<\/em><br \/>\nTsj\u00eabbe Hettinga woe perfoarst net sjoen wurde as ambassadeur fan Frysl\u00e2n. Hy gie foar syn eigen taalkeunstnerskip, dat tafallich yn it Frysk foarme wie. By it earder neamde radio-fraachpetear foar de VRT yn 2010 merkte de fraachpetearster op dat se neat oer Frysl\u00e2n wist en se frege Hettinga oft dy yn in pear wurden har <em>Frieslandgids<\/em> w\u00eaze woe. \u2018Nou, eh, ik heb geen belangen in de Friese vvv, dus ik denk dat ik u teleur moet stellen\u2019, wuifde er it fersyk fansiden. Sa net, Hettinga naam wol hieltyd faker de rol op him fan dichter by offisjele gelegenheden. Hy honorearre fersiken fan it provinsjaal bestjoer om op te treden op <em>Friesland Day<\/em> yn New York yn 2009 en by de iepening fan it nije provinsjeh\u00fbs yn 2012. Hy hie ek in wichtige rol yn de oanrin nei LF2018 mei syn optreden by de presintaasje fan it earste bidbook.<br \/>\n<em><br \/>\nBondel<\/em> De ring fan Gyges<br \/>\nOp de hurde skiif fan Hettinga syn kompj\u00fbter stie nei syn ferstjerren de hielendal kleare tekst fan syn achtste Fryske bondel, mei as titel <em>De ring fan Gyges<\/em>: fiif nije en seis al earder publisearre gedichten. Foar de kenners en folgers fan Hettinga syn wurk sille de fiif nije gedichten syn \u00fats\u00fbnderlike klasse as dichter bef\u00eastigje. Op tige byldzjende wize komme de tema\u2019s fan hertstocht, libbenslust, dea en de syktocht om it ljocht d\u00earyn by elkoar.<\/p>\n<p>Werom nei Burchwert<br \/>\nBy de al bekende gedichten yn <em>De ring fan Gyges<\/em> falt it gedicht \u2018Lytse jonge\u2019 op, earder publisearre \u00fbnder de titel \u2018It doarp Always Ready\u2019. It lange gedicht spilet yn Burchwert yn de jierren fyftich. Hettinga hie mei dat gedicht in protte sukses op Poetry International yn 2001; in foar elke harker werkenbere strofe komt der hieltyd yn werom: \u2018Jonge, lytse jonge,\/ Rop my, \/ Rop my werom, werom.\u2019 It is yn Hettinga syn oeuvre ien fan de gedichten dy\u2019t it sterkste syn ferbining mei Burchwert ferbyldzje. By it gearstallen fan <em>De ring fan Gyges<\/em> hie de dichter dit gedicht ornearre as \u00f4fslutend gedicht. Mei it ferskinen fan it sammele wurk yn <em>Het vaderpaard\/ It faderpaard<\/em> is it no ek it \u00f4fslutende gedicht fan syn hiele bondele oeuvre \u2013 as wie it in echo fan in dichtrigel fan Obe Postma, dy\u2019t de tsjerketoer fan syn bertedoarp nei syn dea sizze lit \u2018by my is er weikomd en by my komt er wer\u2019. Yn april 2017 waard dat op symboalyske wize konkreet makke by de restauraasje fan de kaaimuorren fan de doarpsfeart yn Burchwert: Tsj\u00eabbe Hettinga syn dichtrigel \u2018Jonge, lytse jonge,\/ Rop my, \/ Rop my werom, werom\u2019 is d\u00earop bef\u00eastige.<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>\n<p><em>Mear ynformaasje:<\/em>\u00a0<a href=\"http:\/\/sirkwy.frl\/index.php\/skriuwers-biografyen\/37-h\/123-hettinga-tsjebbe\" target=\"_blank\">Sirkwy.frl<\/a><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Tsj\u00eabbe Hettinga wie in Frysk dichter en oersetter. Hy waard benammen ferneamd troch de foardracht fan syn po\u00ebzij en waard sjoen as ien fan de meast byldbepalende Fryske dichters.<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":77,"parent":87,"menu_order":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","template":"","meta":{"_acf_changed":false,"footnotes":""},"class_list":["post-139","page","type-page","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/139","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages"}],"about":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/page"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=139"}],"version-history":[{"count":8,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/139\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":214,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/139\/revisions\/214"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/87"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/77"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/tsjebbehettinga.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=139"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}