Tsjêbbe Hettinga wie in Frysk dichter en oersetter. Hy waard benammen ferneamd troch de foardracht fan syn poëzij en waard sjoen as ien fan de meast byldbepalende Fryske dichters.
Libbensrin
Jeugd
Tsjêbbe Hettinga waard berne op 15 jannewaris 1949 yn Burchwert. Hy wie de twadde út in Roomske boerehúshâlding mei seis bern. Syn heit wie in echte hynsteman en wie behalve boer ek hynstetysker. Hy wie in man fan taal, kommunikatyf en blomryk. Yn Pieter Verhoeff syn dokumintêre Yn dat sykjen sûnder finen út 2006 fertelt Tsjêbbe Hettinga dat er syn nocht oan taal en syn taalgefoel fan syn heit urven hie. Der siet lykwols gjin boerebloed yn him, hoewol’t er thús wol hantlangje moast mei it boerewurk. Yn syn jonge jierren naam er it lânskip om Burchwert hinne goed yn him op, sadat de romtlikens in wêzentlik ûnderdiel fan him waard, sa’t er it yn de dokumintêre ferwurde. Yn algemiene sin oer dy tiid: ‘Ik ha in hiele noflike jeugd hân.’
Basis foar dichterskip yn it Frysk
Burchwert wie sa goed as folslein Frysktalich. Echo’s fan it Nederlânsk kamen inkeld binnen troch de radio of út de mûle fan in inkele pommerant fan tsjerke of steat. Dat hat krusiaal west foar Hettinga syn Frysk dichterskip. Yn in fraachpetear foar de Belgyske VRT yn 2010 lei er út wêrom’t er him by it Frysk hâlden hie: ‘Het is zo – moet ik tot mijn schaamte bekennen – dat ik pas heel laat Nederlands heb geleerd. De taal wordt in je kindertijd neergelegd, en als daar na vele jaren pas een andere taal bij komt, wordt die je nooit zo eigen dat je je diepste gevoelens daarin goed kwijt kunt.’
Kostskoalle en ulo
Nei syn legereskoalletiid siet Tsjêbbe in jier op de kostskoalle Huize St. Radboud yn Medemblik. Syn heit hie op deselde skoalle de ulo dien. Tsjêbbe makke de ulo ôf yn Boalsert. Hy koe goed leare, mar húswurk meitsje hie er gjin nocht oan. Hy wie leaver oan it hurddraven of reedriden. Hy hearde by de Fryske jeugdseleksje en wie in talintfol reedrider. Under it fytsen nei de reedriderstraining yn de tsjustere wintermoannen krige er lêst fan wat him earst oandie as nachtblinens. Hy sette in ekstra lampe op ’e fyts om de berm by te skinen. Doe’t nei in oantal jierren syn sicht oerdei ek tebek rûn, waard nei wiidweidich ûndersyk fêststeld dat er in erflike degeneraasjesykte fan it netflues hie. Troch syn eachkwaal moast er ophâlde mei it wedstriidriden.
Kweekskoalle oftewol pedagogyske akademy
Yn 1967 gie er nei de kristlike kweekskoalle yn Snits. In jier letter kaam er yn de redaksje fan de skoalkrante Jabberwocky, dêr’t syn earste gedichten ek yn ferskynden, fuortendaliks yn it Frysk. Hy woe dy gedichten letter oars net sjen as syn literêr debút. Op skoalle wie er it soarte learling dat him min skikke kin neffens it systeem fan regel en oarder, dat yn it lêst fan it twadde skoaljier krige er te hearren dat er net werom hoegde te kommen. Dêrom gie er nei de simmer nei de pedagogyske akademy Mgr. Hoogveld yn Hengelo. Yn it earstoan wie er op keamers by in omke en muoike yn Ynskedee, letter hie er in keamer yn Hengelo. Ald-klasgenoaten omskriuwe him as in opfallende ferskining en in ludike rebel. It wie de snuorje fan de demokratisearring yn it ûnderwiis. Der kaam in nije skoalkrante, Scherzo, en Hettinga waard lid fan de ‘redaksie’, krekt as earder yn Snits. In maat fan de redaksje hie lyk as him ynteresse yn literatuer. Tegearre liezen se Nescio, dy’t Tsjêbbe tige bewûndere, en wurk fan Dylan Thomas.
Werom nei Burchwert
Nei syn memme ûnferwachte ferstjerren yn oktober 1971 gie Tsjêbbe werom nei Fryslân. Hy makke de PA ôf yn Snits. Doe’t er yn 1972 syn diploma helle hie, waard it him klear dat er nea foar de klasse stean soe. Syn eachsykte benaam him hieltyd mear it gesichtsfermogen. Hy wie dêr hurd yn foar himsels en woe safolle mooglik ‘op deselde foet fierder gean’, sa’t er skreau yn ien fan syn earste gedichten mei de titel ‘beslút’.
Stúdzjetiid
Yn de simmer fan 1974 krige Hettinga in baan as opnametechnikus by de blinebiblioteek yn Grins, dêr’t er him ek nei wenjen sette. Hy hie der oars mar in hekel oan dat minsken him ‘blyn’ neamden, hy sei leaver dat er ‘minne eagen’ hie. Trije jier letter begûn er mei in stúdzje Nederlânsk. Hy soarge derfoar dat er stipe krige fan meistudinten mei wa’t er de stof trochnimme koe, wat er ek al die op ’e PA yn Hengelo, en hy organisearre help troch advertinsjes yn de Gezinsbode te setten: ‘slechtziende student Nederlands vraagt mensen die voor hem studieboeken en bellettrie willen inspreken op cassette’. It ferhaal giet dat er de ynsprutsen kassettebantsjes mei in hegere snelheid ôfspile en dat er it ferfoarme lûd dan likegoed noch folgje koe. Hoewol’t de eagen hieltyd minder waarden, slagge it him dochs om mei in grutte lêsloep tekst op te nimmen. Yn 1982 helle er syn kandidaatseksamen Nederlânsk. Dêrnei gie er fierder mei syn doktoraal Frysk, dat er yn 1986 dien makke.
Reislust
Hettinga hat op in soad plakken ‘de lucht opsnúfd en de kleuren fan it lânskip sjoen’. Op syn sechtjinde lifte er al nei it bûtenlân. Yn de jierren santich makke er mei in freon of freondin fakânsjereizen nei ûnder oare Flaanderen, Wales, Ierlân, nei Skandinavië en de eastkust fan de FS. Eilannen wiene syn pree – Flylân, Curaçao, mar ek it Gryskske Zakynthos, dêr’t er ferskate kearen tahâlde, letter ek mei partner en bern. Ien kear siet er dêr in langer skoft mei in reisbeurs fan it Fonds voor de Letteren. Hy ferbûn reizgjen mei sykjen, al koe er net maklik ferwurdzje wat er dan krekt socht. It gie him ek om de moeting mei minsken dy’t syn fantasij prikelen. Hy koe syn libbensgefoel werom yn de gedichten fan Slauerhoff, fan wa’t er gedichten as ‘Dit Eiland’, ‘Het Boegbeeld: de Ziel’ en ‘De Schalmei’ út ’e holle koe.
Settele yn Ljouwert
Yntiid wie er yn febrewaris 1982 ferhuze nei Ljouwert, dêr’t er trochgie mei syn libbenswize as dichter-studint-bohémien. Hy moast neat ha fan it libbenspatroan fan de boargerman dat er by guon freonen seach, ‘fan hegerhân regele libbens op ’e rigele’ skreau er dêroer yn de syklus ‘Sânris om in sintrum hinne’. Tsjerke en leauwe wiene allyksa taboe. Wylst leeftiidsgenoaten mei in fergelykbere achtergrûn swietsjesoan sekularisearren, wie syn brek radikaal en sûnder in spoar fan relativearring.
Yn 1985 learde er syn partner Tsjikke Hitman kennen by it reedriden, doe’t se beiden sieten út te pûsten yn in kafee yn Aldtsjerk. Se smieten de lapen gear op in etaazje oan de Foarstreek. Yn it hûs mei de grutte rûne tafel yn de wenkeamer kamen minsken graach del, it wie in middelpunt fan har sosjaal libben. Se krigen in soan en in dochter en ferhuzen yn 2003 nei in eigen hûs oan de râne fan de binnenstêd mei in aparte wurkkeamer anneks studio foar Tsjêbbe.
Ferstjerren fan Tsjikke
Yn novimber 2011 ferstoar Tsjikke Hitman oan kanker nei in siikbêd fan in pear moanne. De deis nei har kremaasje stie in optreden fan Hettinga pland, en hy annulearre it net. As it om syn wurk gie, wie no ek wer it biedwurd út it begjin fan syn dichterskip fan krêft: ‘ik gean op deselde foet fierder’. Hoe’t er him fielde ûnder it ferlies prate er net gau mei oaren oer. Yn de simmer fan 2012 gie er lykas wenst nei de kemping op Flylân, allinne, mar wol mei freonen yn de buert.
Lêste jier
Doe’t Tsjikke Hitman siik wie, annulearre Hettinga wol in optreden dat er yn ’e mande mei de band Breed Freed yn Winaam jaan soe. Goed in jier letter, op 18 novimber 2012, diene se it ôfseine optreden dochs noch. Nei ôfrin fielde Hettinga him deawurch en it waard dúdlik dat er in sykte ûnder de lea hie. Ein desimber folge de diagnoaze: de sykte fan Kahler. Yn earsten like de medyske behanneling yn it MCL perspektyf te bieden. Hettinga wie optimistysk: ‘Ik wol leauwe dat ik myn tinten mar net te lang op dizze kemping opslaan moat’, wie syn kommentaar. Hy hie sels de hope om yn de herstelperioade tusken de gemokueren troch foar in optreden nei in poëzijfestival yn Nicaragua te gean, mar it betearde oars. Tsjêbbe Hettinga ferstoar op 7 maart 2013. Nei syn dea waard út it grutte tal reaksjes dúdlik hoe tige oft er wurdearre waard en de minsken him in waarm hert tadroegen, hoefolle wjerklank oft er rûnom fûn hie, hoe fier oer de wrâld syn lûd rikt hie.
Dichterskip
Begjin dichterskip
Yn april 1970 waarden twa koarte gedichten fan Hettinga útstjoerd oer de Fryske gedichtetelefoan Operaesje Fers. Koart dêrnei ferskynden se yn print yn it literêre tydskrift Trotwaer. Sjoen syn lettere karriêre is it tekenjend dat Hettinga syn literêr debút de foarm hie fan in foardracht en net fan in skriftlike publikaasje. Yn de jierren dy’t folgen wûn Hettinga in oantal Rely Jorritsmaprizen en hie er gedichten yn ferskate Frysk-literêre tydskriften. Hy waard súntsjeswei bekender troch syn optredens op dichtersjûnen of by oare gelegenheden. Yn it tiidrek 1973-1975 kamen syn earste trije bondels út. In essinsjele bydrage levere syn âld-skoalgenoat Jelle Kaspersma, dy’t yn 1967 in klasse heger siet op de kweek yn Snits. Dy fersoarge de opfallende yllustraasjes en yn ien fan de bondels stiene ek fersen fan him. Ut de trije bondels falt op te meitsjen dat Hettinga al sawat fan it begjin ôf, neist it kompaktere en koartere wurk dat skaaimerkjend is foar dy tiid, ek breder opsette gedichten skreau.
Redaksjelid Hjir
Literêr tydskrift Hjir wie yn 1972 oprjochte. Yn de redaksje boske in groep jonge skriuwers en dichters gear dy’t yn har wurk it folle libben klinke litte woene. Se wiene net rjochte op literêre analyze of op polemyk – dat die konkurrint Trotwaer wol. De redaksje wie derop út om safolle mooglik talint oan it blêd te ferbinen en wêr mooglik mei ferrin fan tiid ek yn de redaksje op te nimmen. Hettinga siet fan 1975-1990 yn de redaksje. De oare leden soargen derfoar dat alle kopij dy’t op it aljemint komme soe fan tefoaren foar him op kassette ynsprutsen wie. Fan 1975 ôf ferskynde Hettinga syn wurk ek inkeld noch yn Hjir. Nei 1990 waard it kontakt tusken Hettinga en syn literêre kollega’s minder waarm en hâlde er him ôfsidich fan de ûntjouwingen yn de Frysk-literêre wrâld. Yn letter jierren joech er noch wol workshops en kursussen kreatyf skriuwen foar Tresoar.
Dichterlik talint
Yn 1981 ferskynde Hettinga syn fjirde bondel Tusken de bedriuwen troch is âlderdom. It wie in mear ambisjeuze útjefte as de eardere trije en befêstige binnen de rûnte fan Hjir syn statuer as grut dichter. De kritisy wiene it folslein ûniens oer it boek en wrakselen mei Hettinga syn útsûnderlik poëtysk register. Tiny Mulder koe yn it Friesch Dagblad nei faak oerlêzen de ‘swide pracht’ derfan wol wurdearje, mar Durk van der Ploeg seach yn De Strikel allinne mar in ‘poëtaster’ dy’t alles oertrof yn keunstmjittigens en tsjusterens.
‘Kening Tsjêbbe’
Nei alve jier fan slypjen en rypjen kaam Hetinga yn 1992 mei Under seefûgels De kust, de bondel dêr’t er syn definitive foarm yn fûn hie. De ûntfangst wie útinoar rinnend mar positiver as by de foarige bondel. Tjitte Piebenga (Ljouwerter Krante) sette boppe syn besprek – earder wanhopich as ôfkarrend –‘Wêr hat dy Hettinga it oer?’, mar Eppie Dam wie yn Frysk en Frij fol bewûndering oer it wurk fan ‘kening Tsjêbbe’. Hylke Tromp konkludearre yn syn besprek foar Omrop Fryslân dat Hettinga syn poëzij ‘ûnbegryplik moai’ wie. De opmerking dy’t men yn Fryslân wolris heart dat Hettinga yn syn eigen provinsje pas wurdearring krige nei syn sukses oer de grins is net wier. Miskien moat de stelling wol omdraaid wurde: krekt omdat der yn de Frysk-literêre rûnten minsken wiene dy’t Hettinga syn kwaliteiten ynseagen, krige er de kâns om syn wjukken fierder út te slaan.
Optredens
Fan it begjin ôf joech Hettinga optredens op poëzijjûnen en by gruttere eveneminten lykas it Frysk Festival, de Fryske skriuwerstoernee ‘Skipperslatyn’ yn 1985 en it Fries Straatfestival yn Ljouwert, yn de twadde helte fan de jierren tachtich. Ien kear wie syn poadium op dat festival in driuwende ponton yn it wetter fan de Kelders. Hy droech syn oersetting foar fan ‘The light of the world’ fan de Karibyske dichter Derek Walcott, in byldzjend fers mei Bob Marley op de achtergrûn oer in busrit op it eilân Saint Lucia – in belevenis foar de twahûndert minsken dy’t it meimakken.
Nei de Frankfurter Buchmesse
Nederlân stie yn oktober 1993 as ‘Schwerpunktland’ sintraal op de Frankfurter Buchmesse. De organisearjende stifting woe by de Buchmesse ek wol in bytsje omtinken jaan oan de Fryske literatuer. Mei stipe fan de provinsjale oerheid waard yn it programma romte jûn foar ien Fryske dichter. Organisator Bouke Oldenhof keas mei op advys fan skriuwer Kees ’t Hart foar Hettinga en hâlde de foet by de kûle, ûndanks wjerstân yn de Fryske skriuwerswrâld. Hettinga wie him fan ’e miet ôf oan bewust fan it wichtige poadium dat him bean waard en de publisiteit dy’t dat opsmite soe. Hy woe hurde ôfspraken mei Oldenhof dat er by fraachpetearen allinne oer syn eigen wurk en oer de Fryske literatuer prate soe en dat syn privee derbûten bleau.
Yndrukwekkend optreden
‘Wie is de 44-jarige Friese dichter Tsjêbbe Hettinga die woensdag deelneemt aan het Nederlands-Vlaamse openingsprogramma van de Frankfurter Buchmesse, naast bekende auteurs als Hugo Claus, Hella Haasse, Harry Mulisch en Cees Nooteboom?’ frege Reinjan Mulder him ôf yn de NRC fan moandei 4 oktober 1993. It antwurd kaam twa dagen letter mei in yndrukwekkend optreden dêr’t Hettinga op syn minst likefolle yndruk makke as syn kollega’s út de Rânestêd.
By syn Frankfurter ekspedysje kaam Hettinga yn de kunde mei dichter en oersetter Benno Barnard. Op dy syn inisjatyf ûntstie der in oersettersspan dat bestean bliuwe soe oant Hettinga syn dea. Hettinga ferklearre dat hy it as in grut gelok seach dat hy Benno Barnard troffen hie, omdat dy syn rûge oersettingen omfoarmje koe ta in Nederlânsk gedicht.
Op de nasjonale poadia
Twa jier dêrnei folgen optredens op de wichtichste poëzijpoadia fan it lân. ‘Ademloos luistert het uitgedund publiek van de Nacht van de Poëzie in Vredenburg in Utrecht naar de bijna-blinde Fries die recht uit zijn hart zijn epos ‘Dat blauwe skaden’ over de zaal laat donderen. Achter zijn rug rolt een vertaling voorbij, maar telkens weer verglijdt de aandacht van de meelezers naar die donderende stem in dat lange dunne lijf, die woorden spreekt die klinken alsof ze ouder zijn dan de tijd.’ (Michel Maas yn de Volkskrant). Yn juny 1995 folge in fergelykber optreden op Poetry International yn Rotterdam.
Bundel Vreemde kusten / Frjemde kusten
Yn 1995 ek ferskynde by útjouwerij Atlas yn in oplaach fan 2500 eksimplaren de bondel Vreemde kusten / Frjemde kusten, mei in cd derby. Hettinga betong by útjouwer Emile Brugman dat er nei eigen ynsjoch sels de foarmjouwing dwaan mocht, dy’t er útfierde tegearre mei syn muzykmaat Menno Samplonius. It boek waard tige posityf ûnthelle. Poëzijresinsint Guus Middag skreau yn de NRC dat er by it ôfspyljen fan de cd al nei twa rigels – ‘Oan swarte stielkabels hawwe de bokken/ de nacht boppe see en haven úttakele’, seis sekonden tekst – hielendal ferkocht wie: ‘Mij was overkomen wat veel bezoekers van poëzieavonden moet zijn overkomen: overrompeling door de voordracht van Hettinga.’
Performer
Hettinga geniete derfan om syn poëzij foar te dragen. Hy wie in earsten performer, selsfersekere, sûnder it minste bewiis fan narsisme of publyksoankrûperij. Syn sonoar lûd, syn bytiden eigensinnige yntonaasje en syn út soarte bewuste artikulaasje fan it Frysk, mei al dy koarte en lange ienlûden en twalûden lykas yn ‘mei poaiez-oane-pompm dyte trjinn eazje’ út de twadde strofe fan ‘Frjemde kusten’, makken syn foardracht unyk. Wa’t him net ferstie, geniete fan de muzyk fan de taal dy’t ûnder de betsjutting fan de wurden leit. De teksten binne net altyd maklik te befetsjen, alhielendal net yn ien kear, en dat wist Hettigna sels mar al te goed. Ut en troch joech er syn publyk it advys om net alles fan syn foardracht snappe te wollen, mar har oer te jaan oan de muzyk fan de taal en de bylden dy’t er oprôp, in oantrún dy’t likegoed gau foar Fryskpraters. Hast alle poëzij fan Hettinga fan 1995 en letter waard behalve yn tekst ek útbrocht op cd. Dat beklammet nochris it belang fan syn foardracht as wichtich part fan syn literêr keunstnerskip.
‘Ik wol in fyk út it libben jaan’
Doe’t presentatrise Hanneke Groenteman fan it keunstprogramma De Plantage Hettinga yn in fraachpetear frege wat er mei syn poëzij sizze woe, wie syn antwurd koartwei ‘neat’. Oan dokumintêremakker Geart de Vries joech er wiidweidiger antwurd. ‘Ik hâld fan poëzij dêr’t ferbylding yn sit, dêr’t mei klank wurke wurdt, dêr’t in triuwend ritme ûnder sit. It giet my deagewoan om de evokaasje, om it oproppen. In tekst moat sfear hawwe. Dy sfear kinne je by de minsken ek wer oproppe. Ik wol gjin analyze jaan wat libben – yn de breedste sin fan it wurd – is, ik lit it libben leaver sjen, ik wol in fyk út it libben jaan.’
Fierder oer de grins
Nei 1995 folgen mear optredens op festivals yn it bûtenlân, ûnder oare yn Brussel, Barselona, Berlyn, Londen, Vancouver en Portland. Yn juny 2006 frege Henk Pröpper, direkteur fan it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds, op in wurkbesite yn Fryslân sa sydlingswei oan Hettinga oft dy wolris heard hie fan it festival yn Medellín, Kolombia. ‘Dêr wol ik wol hinne!’, wie Hettinga syn resolút beskie. Sa waard besletten. It oare jiers reizge er ôf nei Súd-Amearika foar in optreden op it Festival Internacional de Poesia de Medellín, in wrâldferneamd poëzijfestival. Syn foardracht dêre fan ‘De krûk’ is achternei besjoen miskien wol syn meast yndrukwekkende ea.
Grykske bondel
Ein 2000 ferskynde yn in sljocht azuerblauwen stofomslach de Grykske bondel Fan oer see en fierder, dy’t trije jier letter twatalich útjûn waard as Platina de zee. Hettinga ferwurke dêr de ûnderfiningen en ferhalen yn dy’t er op Zakynthos opdien hie. Foar dy bondel krige er yn 2001 de Gysbert Japicxpriis, de grutte literêre priis fan de provinsje Fryslân. By de priisútrikking yn it histoaryske stedhûs fan Boalsert, op in healoere rinnen fan syn berteplak, droech er ‘It faderpaard’ foar, skreaun as hommaazje oan syn heit.
Bondel Equinox
Yn 2009 folge de bondel Equinox, mei mear ferskaat fan ynhâld as de foarige. De gedichten út de ôfdieling ‘Twa kontininten’ wiene in jier earder al opnommen yn Fryslân revisited, in boek mei foto’s fan Fryslân troch de emigrearre fotograaf Andreis Deinum fan Warkum, makke yn 1946. It inisjatyf ta dy útjefte kaam fan Henk Deinum, omkesizzer fan de fotograaf en freon fan Hettinga dy’t him geregeld op syn reizen beselskippe. Hy hie mei Hettinga oer alle foto’s praat en de lokaasjes mei him opsocht. De dichter skreau tsien sonnetten by de foto’s.
Hettinga syn statuer wie by it ferskinen fan Equinox al sa grut wurden, dat de Volkskrant in fiifstjerreresinsje fan Piet Gerbrandy opnaam wylst der noch hielendal gjin Nederlânske oersetting beskikber wie, dy kaam earst mei de twatalige ferzje.
Bondel by Gedichtedei 2010
Wurdearring en erkenning wiene der ek yn 2010 doe’t Hettinga syn lytse twatalige bondel Aan schor en Stad Niks voorbij / Oan leech en Stêd Niks foarby útkaam as Nasjonale Gedichtedeibondel. Janita Monna yn Trouw: ‘Nadat in eerdere jaren grote Nederlandstalige dichters als Judith Herzberg, Hugo Claus en Gerrit Kouwenaar de eer te beurt viel, is de keuze voor Tsjêbbe Hettinga als auteur voor de Gedichtendagbundel opvallend en gewaagd. En niet alleen omdat Hettinga in het Fries schrijft. Het lezen van zijn beeldende epische poëzie, waarin de zinnen worden voortgestuwd door klank en ritme, vergt een onalledaagse concentratie (…). Maar wie Hettinga ooit hoorde voordragen, is voorgoed betoverd door de zangerige toon waarmee de nagenoeg blinde dichter zijn gedichten declameert. Niet voor niets geniet hij wereldfaam.’
‘It giet om myn poëzij, net om myn persoan’
Pieter Verhoeff makke yn 2006 in dokumintêre oer Hettinga, it waard earder al neamd. Hy frege de dichter hoe’t syn dramatyske libbensûnderfiningen en syn min eachsicht trochwurken yn syn wurk. ‘Fansels nimme je dy dingen mei’, wie it antwurd, ‘mar it hat allinne doel om deroer te praten yn safier it ûnderdiel is fan myn wurk.’ Sa mar even relaasjes lizze tusken tekst en biografy merke Hettinga oan as ‘hineininterpretieren’ en ‘oeral spûken sjen’. Hy woe net dat syn persoanlike situaasje fersmelle waard ta in ‘aberraasje’, in reden om te sizzen ‘wat is dat slim’. ‘Elk minske is in sekfol mislearringen’, dêr wie hy net bysûnder yn, tocht him.
Regy hâlde oer de byldfoarming
Yn syn kontakten mei media woe Hettinga sels de leie yn hannen hâlde. Mear as ienkear wegere er in fraachpetear as bliken die dat de oanbelangjende sjoernalist him net goed taret hie. In tekenjende anekdoate fan datoangeande spilet op Poetry International yn Rotterdam yn 2001. De Leeuwarder Courant hie in pleatslike fotograaf opdracht jûn in foto te meitsjen fan Hettinga syn optreden. De man kaam lykwols krekt te let. Hettinga stie yn in heallege seal nei te praten mei guon lju. De fotograaf frege oft er noch even op it poadium stean gean woe foar de foto. Dêr kaam neat fan yn. ‘Ik doch myn wurk goed, doch do it dan ek.’ Dat de Ljouwerter dêrtroch gjin omtinken joech oan syn optreden naam er op ’e keap ta.
Synestesy
Yn 2003 hie Corine Voet in wiidweidich fraachpetear mei Hettinga by it ferskinen fan Platina de zee. Se ferwiisde yn dat fraachpetear nei it opmerklik omtinken foar kleur en ljocht yn Hettinga syn oeuvre, mei beskaat troch syn synestetyske oanlis. Hettinga hie dêr yn 2001 oer op ’e tekst west yn Antwerpen, yn in seldsume lêzing oer syn poëzij en oer himsels, ‘Een chronisch geval van synesthesie’, koart dêrnei opnommen yn it literêr tydskrift Revolver. Hy fergeliek dêr syn situaasje yn mei dy fan Borges. Tsjin Voet sei er: ‘Bij alles wat ik hoor, ruik, voel, heb ik een beeld en een kleur. Dat heeft niets met goede of slechte ogen te maken, het zit in je hoofd.’
Optredens yn kombinaasje mei muzyk
Hettinga joech ek foardrachten as ûnderdiel fan alderhande soarten muzykprogramma’s. Spesjale fermelding fertsjinnet hjir it jazzensemble Breed Freed, dêr’t er saksofoan yn spile. Op oantrún fan Bouke Oldenhof trede Hettinga yn 1991 op mei in jûnsfoljend programma Hotelkeamers eigen, mei foardracht, fertellende tekst deromhinne en muzikale bydragen troch in band. Dêr útwei ûntstie yn de rin fan de tiid de sân man sterke band Breed Freed. Muzyk meitsje en spylje yn de band beskôge Hettinga as syn nocht en wille. Tegearre mei de Angoleeske perkussionist en gitarist Basile Maneka Lukadi, dy’t ek yn Breed Freed spile, makke Hettinga yn 1997 in programma mei as titel De dood, het lied, het paard. Hy droech dêryn ‘It faderpaard’ foar en Maneka Lukadi song tradisjonele deadelieten yn syn memmetaal Kikongo.
Oersettingen
Al yn de jierren santich wurke Hettinga oan syn gedicht ‘De blauwe hauk fan Wales’ (publisearre yn 1992) dêr’t yn ferwiisd wurdt nei it wurk fan Dylan Thomas. Hy sei letter dat it fisuele en byldzjende fan Thomas syn wurk him tige oanspriek. Mar ek dy syn styl fan foardragen rekke him. Fan Thomas hie er in oantal elpees mei foardrachten fan eigen wurk, dy’t er kocht hie op in fakânsje yn Wales mids jierren santich, doe’t er de spoaren fan de dichter folge. Neffens sizzen fan freonen waarden dy elpees faak draaid. Hettinga syn oersetting fan Thomas syn ‘Fern Hill’ wie in fêst ûnderdiel fan syn optredens begjin jierren njoggentich. Fierder moat hjir it wurk neamd wurde fan Derek Walcott. Dy syn epyske en byldzjende poëzij en syn spesjale posysje yn de Ingelske literatuer fûnen wjerklank by Hettinga. Yn in artikel yn Hjir helle er mei ynstimming Joseph Brodsky oan, dy’t krityk jout op resinsinten dy’t Walcott oan de kant besykje te skowen as streektaalskriuwer.
Dichter by offisjele gelegenheden
Tsjêbbe Hettinga woe perfoarst net sjoen wurde as ambassadeur fan Fryslân. Hy gie foar syn eigen taalkeunstnerskip, dat tafallich yn it Frysk foarme wie. By it earder neamde radio-fraachpetear foar de VRT yn 2010 merkte de fraachpetearster op dat se neat oer Fryslân wist en se frege Hettinga oft dy yn in pear wurden har Frieslandgids wêze woe. ‘Nou, eh, ik heb geen belangen in de Friese vvv, dus ik denk dat ik u teleur moet stellen’, wuifde er it fersyk fansiden. Sa net, Hettinga naam wol hieltyd faker de rol op him fan dichter by offisjele gelegenheden. Hy honorearre fersiken fan it provinsjaal bestjoer om op te treden op Friesland Day yn New York yn 2009 en by de iepening fan it nije provinsjehûs yn 2012. Hy hie ek in wichtige rol yn de oanrin nei LF2018 mei syn optreden by de presintaasje fan it earste bidbook.
Bondel De ring fan Gyges
Op de hurde skiif fan Hettinga syn kompjûter stie nei syn ferstjerren de hielendal kleare tekst fan syn achtste Fryske bondel, mei as titel De ring fan Gyges: fiif nije en seis al earder publisearre gedichten. Foar de kenners en folgers fan Hettinga syn wurk sille de fiif nije gedichten syn útsûnderlike klasse as dichter befêstigje. Op tige byldzjende wize komme de tema’s fan hertstocht, libbenslust, dea en de syktocht om it ljocht dêryn by elkoar.
Werom nei Burchwert
By de al bekende gedichten yn De ring fan Gyges falt it gedicht ‘Lytse jonge’ op, earder publisearre ûnder de titel ‘It doarp Always Ready’. It lange gedicht spilet yn Burchwert yn de jierren fyftich. Hettinga hie mei dat gedicht in protte sukses op Poetry International yn 2001; in foar elke harker werkenbere strofe komt der hieltyd yn werom: ‘Jonge, lytse jonge,/ Rop my, / Rop my werom, werom.’ It is yn Hettinga syn oeuvre ien fan de gedichten dy’t it sterkste syn ferbining mei Burchwert ferbyldzje. By it gearstallen fan De ring fan Gyges hie de dichter dit gedicht ornearre as ôfslutend gedicht. Mei it ferskinen fan it sammele wurk yn Het vaderpaard/ It faderpaard is it no ek it ôfslutende gedicht fan syn hiele bondele oeuvre – as wie it in echo fan in dichtrigel fan Obe Postma, dy’t de tsjerketoer fan syn bertedoarp nei syn dea sizze lit ‘by my is er weikomd en by my komt er wer’. Yn april 2017 waard dat op symboalyske wize konkreet makke by de restauraasje fan de kaaimuorren fan de doarpsfeart yn Burchwert: Tsjêbbe Hettinga syn dichtrigel ‘Jonge, lytse jonge,/ Rop my, / Rop my werom, werom’ is dêrop befêstige.
Mear ynformaasje: Sirkwy.frl